De Ridder en Cambuur definityf útelkoar

26 maaie 2015 - 10:05

Daniël de Ridder giet definityf net fierder by Cambuur. De klup kin net oan syn finansjele easken foldwaan. De Ridder spile earder by klups as Ajax, Birmingham en Hearrenfean, en it ôfrûne jier spile er by Cambuur. Hy hie in kontrakt foar 1 jier, en dat wurdt no dus net ferlinge.

Ek Geert Arend Roorda spilet takom jier net by Cambuur. Roorda hie dêr al gjin kontrakt, mar hy mocht wol meitraine om fit te bliuwen. Op ien fan dy trainingen skuorde hy lykwols syn achillespees, en dêrtroch moast er lang revalideare.

De Ljouwerters wolle him no gjin kontrakt oanbiede, omdat se oer him twifelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)