Warskôging foar ikeprosesjerûpen yn Fryslân

26 maaie 2015 - 08:30
  • Ikeprosesjerûpen

Der sille dit jier trije kear safolle ikeprosesjerûpen wêze yn it Noarden fan Nederlân. Dat meldt it Kenniscentrum Eikenprocessierups. Sy warskôgje gemeenten dat se net besunigje moatte op it bestriden fan 'e rûp. De hieren fan de rûp soargje foar jokte, klachten by it sykheljen en seare eagen.

Jorn Beerendonk is technysk beamadviseur en docht yn ferskate gemeenten ûndersyk nei de rûp, ûnder oare yn Tytsjerksteradiel. De rûpen binne der no noch net. De ferwachting is dat de larven begjin juny útkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)