Man rydt troch glêzen pui it gebou fan GGZ Ljouwert binnen

26 maaie 2015 - 07:31

In man is tiisdeitemoarn betiid it gebou fan de GGZ oan de Borniastrjitte yn Ljouwert binnen riden. Neffens de plysje gie it om in 'lilke' man. Hy ried mei syn auto bewust dwers troch de glêzen skodoarren de hal yn.

De plysje kaam fuortdaliks nei de melding nei it Jelgerhûs. Dêr ha se de man mei geweld út de auto helle en mei him praat. Dernei is er oerdroegen oan de GGZ-ôfdieling. Hy hat earder ek opnaam west. In bergingsbedriuw hat de auto út it gebou helle. Dêrfoar moasten de skodoarren wol noch fierder sloopt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)