3500 skouts bouwe doarp by Lauwerseach

25 maaie 2015 - 19:30

Sa'n 3500 skouts út Noard-Nederlân hawwe dit pinksterwykein in kompleet nij doarp boud yn de Marnewaard by Lauwerseach. It doarp hat in eigen brânwacht, in telefoansintrale, in krante, in dokter en in keuken. It tydlike doarp, dat stiet op it oefenterrein fan definsje, is it grutste doarp fan de gemeente De Marne.

Sa'n 300 Fryske skouts dienen mei. Yn alle leeftydsgroepen wiene der aktiviteiten foar de bern. It noardlik pinksterwykein is it grutste skoutingevenemint fan Europa, dat dit jier foar de 85e kear hâlden waard.

Tiisdei wurdt it doarp wer ôfbrutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)