Minnertsgea wint Bûnspartij yn Frjentsjer

25 maaie 2015 - 19:26

It partoer fan Minnertsgea mei Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra hat moandei de Bûnspartij yn Frjentsjer wûn. Se wienen mei 5-2 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Bitgum mei Johan van der Meulen, Kor Zittema en Tjisse Steenstra. De finale wie in werhelling fan ferline jier.

It wie de sânde oerwinning foar Minnertsgea op de Bûnspartij. Wassenaar keatste alle sân finales. Hy brocht mei dizze Bûnspartij syn puntetotaal yn it ivige klassemint op 698. Dêrmei stiet er no allinne op it fiifde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)