Motoralvestêdetocht: seis rydbewizen en in motor ynnaam

25 maaie 2015 - 18:16

De Friesche Motorclub is tefreden oer it ferrin fan de 80e edysje fan de motoralvestêdetocht. It waar wie goed en droech en de organisaasje krige fan sawol de dielnimmers as publyk positive reaksjes. Der dienen dit jier mear as 3400 motors, soleksen en trikes mei.

Ek de plysje wie tefreden. Der wienen wol wat ûngelokken, mar minder as oare jierren. Wol binne fan seis motorriders de rydbewizen ynnaam om't se mear as 50 kilometer yn de oere te hurd riden. Ien fan harren, in 29-jierrige Ljouwerter, moast ek syn motor ynleverje.

Hy ried by It Heidenskip goed 100 te hurd: 186 yn stee fan de tastiene 80 kilometer yn de oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)