Polsbantsjes útdiele om bern wer by âlden te bringen

25 maaie 2015 - 15:34

Minsken fan de rêdingsbrigade en de plysje diele fan pinkstermoandei ôf polsbantsjes út op de strannen en by rekreaasjewetters. De bantsjes binne bedoeld foar bern. Heiten en memmen kinne har mobile nûmer derop sette, foar it gefal de bern har kwytreitsje. Dat bart alle jierren geregeld.

Doel fan de polsbantsje-aksje is om minsken der fan bewust te meitsjen dat je je bern samar kwytreitsje kinne. En dat it ferstannich is om ôfspraken mei de bern te meitsjen foar't it gefal dat dat bart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)