Net folle problemen by fytsalvestêdetocht

25 maaie 2015 - 14:26

It yn ferhâlding moaie waar soarget der foar dat der oant no ta net folle problemen binne by de fytsalvestêdetocht. Dat seit in wurdfierder fan de plysje. Der binne minder falpartijen as de ôfrûne jierren.

Neffens de plysjewurdfierder lizze in soad dielnimmers foar op it skema, benammen omdat der net in soad wyn stiet. Omdat der gjin reinwetter falt, binne der ek minder lekke bannen. Stientsjes bliuwe no minder gau plakken.

De earste dielnimmer kaam om kertier foar twaën wer oer de streek yn Boalsert. Fytsers ha oant tolve oere fannacht de tiid om te finishjen.

Trefwurden: 
plysje fytsalvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)