Pinksterfeest 'Funkleaster' wol mear jongerein lûke

25 maaie 2015 - 12:41

It Pinksterfeest yn Feankleaster wol graach mear jongerein nei it evenemint ta lûke. De ôfrûne jierren kamen der benammen âldere minsken op it sindingsfeest ôf en dat moat oars. Tema dit jier is 'Uptodate' mei in programma foar eltsenien fan tusken de 10 en 35 jier mei de namme 'Funkleaster'.

Der is in grutte gamehoeke, bern kinne har sminke litte en der is in graffity-artyst. Earder op de moarn wie yn de bosk by Feankleaster in tsjerketsjinst. Dêr kamen 1.300 minsken op ôf. It pinksterfeest duorret noch oant 17.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)