Plysje is tefreden oer ferrin fan alvestêdetocht

25 maaie 2015 - 12:19
  • Fytsalvestêdetocht Burdaard
  • Fytsers tusken Sleat en Wikel

De plysje is hiel tefreden oer it ferrin fan de alvestêdetocht oant no ta. Dat seit Sietze Talsma, koördinator fan de plysje yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Der hawwe noch gjin ynsidinten west.

Frijwilligers fan de organisaasje wurkje gear mei meiwurkers fan de plysje. Se soargje derfoar dat krúspunten foar de dielnimmers frij tagonklik binne sadat se trochfytse kinne en dat de situaasje feilich is. De fytsers roppe faak dat se dêr tankber foar binne.

Yn Snits soargen de Hegemer Dekdweilers foar muzikale begelieding foar de fytsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)