Motorrider en fytser botse by Sondel

25 maaie 2015 - 11:19

By Sondel binne twa minsken sneintejûn ferwûne rekke by in botsing op it Kruspaed. In 37-jierrige Sint Nykster ried op de motor. Hy rekke dêrby in 58-jierrige Feanster dy't fytste. Beide bestjoerders moasten mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs. Nei ûndersyk die bliken dat de motorrider de binnenbocht naam hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)