Sweden pakt nei stellen kentekenplaten op It Hearrenfean

25 maaie 2015 - 11:07

Op It Hearrenfean hat de plysje sneintejûn fjouwer mannen oanhâlden. Se wurde fertocht fan it stellen fan kentekenplaten. It giet om trije Sweden en in man sûnder fêst wenplak.

Tsjûgen seagen dat de mannen oan de Fok de platen fan in parkearde auto meinaam hienen. De plysje koe it kwartet letter oanhâlde. Yn de auto en by de fertochten sels binne softdrugs fûn. De drugs en de auto binne yn beslach nommen. De fertochten wurde heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)