Advokaat Wim Anker jout teaterkolleezje

25 maaie 2015 - 10:47

Advokaat Wim Anker fan Akkrum sil it teater yn. Yn maart jout er in teaterkolleezje yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Yn de foarstelling, mei as motto 'Doch mar gewoan', hat Anker it oer syn prinsipes as advokaat.

Foar him telt mar ien belang en dat is it belang fan de fertochte, dat is ien fan dy prinsipes. Besikers fan de foarstelling kinne nei ôfrin ek mei Wim Anker prate.

Trefwurden: 
Teater Wim Anker De Harmonie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)