Fytsers mei in donororgaan by de alve stêden del

25 maaie 2015 - 09:47
  • Fytsalvestêdetocht Burdaard
  • Fytsalvestêdetocht Burdaard
  • Fytsalvestêdetocht Burdaard
  • Fytsalvestêdetocht Burdaard

Oan de fytsalvestêdetocht docht ek in groep fan 25 minsken mei dy't in donornier of in oar transplantearre orgaan hawwe. Foar harren is de fysike prestaasje fan 240 kilometer fytse ekstra spesjaal.

Se fytse yn in rôze t-shirt oan om op te fallen. Mei harren dielname oan de alvestêdetocht wolle se omtinken freegje foar orgaandonaasje. De groep wie om healwei tsienen yn Burdaard. Ien fan har is Albert de Graaf, hy hat noch mar acht moanne lyn in nije lever krigen. Mieke Pape fytst ek yn it rôze, middeis wie se yn Sleat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)