Minder stands op Huis & Tuin

01 mrt 2012 - 18:26
  • De eardere beurs Huis & Tuin yn it WTC Expo

Der stiene tongersdei lange rigen foar de kassa by de start fan de jierlikse beurs 'Huis & Tuin'. Op de beurs steane sa'n 180 stands op it mêd fan bouwen, wenjen en túnkjen. Fanwege de krisis yn de bou binne der dit jier wat minder standhâlders as oars. Der binne op de beurs sa'n 200 huzen en boukavels te keap.

Yn de túnhal binne yn in wike tiid tolve tematunen oanlein troch hovenierbedriuwen. In saakkundige sjuery fûn de tún fan Michel van Kammen út Burgum de aldermoaiste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)