Parasols by alle stimpelposten op fytsalvestêdetocht

25 maaie 2015 - 09:31

De fytsers fan de alvestêdetocht kinne dit jier droech stimpelje. Sûnt in pear jier stiet by de stimpelpost fan Frjentsjer in tal parasols. Sa wurdt foarkaam dat stimpelkaarten, fytsers en stimpelders wiet wurde. It bestjoer fan de fytsalvestêdetocht hat it inisjatyf fan de frijwilligers yn Frjentsjer no folge en by alle stimpelposten in tal parasols delset.

De stimpelders yn Frjentsjer binne ek dit jier wer ferklaaid as professoaren, as oantinken oan de universiteitsstêd dy't Frjentsjer ea wie.

Se begûnen dêrmei by it 100-jierrich bestean fan de tocht. Doe't se it jier dêrop net ferklaaid wienen, kaam der in soad kommentaar fan de fytsers. Dêrop hawwe se besluten fan de ferklaaipartij in tradysje te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)