Autopetsje by de Fryske alve stêden del

24 maaie 2015 - 16:38
  • Finish autopetalvestêdetocht
  • Drokte by de finish yn Boalsert
  • Hegemer Dekdweilers
  • Finish autopetalvestêdetocht

In lytse 200 autopetters (steppers) ha snein by de alve Fryske stêden del west. De earsten kamen krekt foar healwei fiven yn Boalsert oan. It wienen Jetze Genee en Jorrit Postma. In soad publyk stie by de finish.

De dielnimmers gienen dit jier wat stadiger as oare jierren al autopetsjend troch de provinsje, mar se hienen der wol moai waar by. Der wienen mar sân útfallers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)