Harnzer pakt nei botsing mei wurkbus

24 maaie 2015 - 11:08

In 44-jierrige Harnzer is sneontejûn oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed en it ferlitten fan it plak fan in ûngelok. De man soe op de P.S. Gebrandystraat tsjin in wurkbus fan in oare Harnzer riden wêze en dêrnei trochriden wêze. De 52-jierrige Harnzer warskôge de plysje en sette de achterfolging yn. Hy koe de man letter trasearje en de plysjes ha de fertochte oanhâlden. Nei in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie. De man krijt in proses ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)