Jouster motorrider ferûngelokke by Emmeloord

24 maaie 2015 - 10:34

In 38-jierrige motorrider fan De Jouwer is sneintemoarn betiid ferûngelokke op de A6 by Emmeloord. Ut ûndersyk docht bliken dat de man mei syn motor yn de berm telâne kaam en dêrnei tsjin in lantearnepeal botste. De motorrider wie fuort dea.

Neffens de plysje wienen der gjin oare auto's by it ûngelok belutsen. It deadlik ûngelok wie yn de bocht fan de A6 by it knooppunt Emmeloord yn de rjochting fan Lelystêd. De dyk hat in skoft ôfsletten foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)