Noordpoolorkest iepenet De Lawei

24 maaie 2015 - 10:11

It Noordpoolorkest hat mei in konsert op it dak de fernijde skouboarch De Lawei yn Drachten iepene. Inkele tûzenen minsken kamen sneontejûn op de offisjele iepening ôf. De iepening wie in stik letter as pland. Earst soe de skouboarch ôfrûne hjerst iepen nei in lange ferbouwing.

Oannimmer Van Norel waard fan it projekt helle. Neffens de direksje fan De Lawei makke dy der in potsje fan. Der rint op it stuit noch in arbitraazjesaak oer. Lang om let hat boubedriuw Friso fan Snits it wurk ôfmakke. De ferbouwing hat sa'n 20 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Drachten skouboarch De Lawei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)