Planning akwadukt by Drachtsterbrêge net yn gefaar

23 maaie 2015 - 17:45

De planning fan it Escherakwadukt yn Ljouwert komt net yn gefaar troch de fersakking fan de Drachtstersbrêge. Dat seit deputearre Sietske Poepjes. Sy naam freed, yn oerlis mei gemeente en oannimmer, it beslút om de brêge fanwege de fersakking ôf te sluten foar it autoferkear.

Freedtenacht is de hiele nacht trochwurke om de fersakking te ferhelpen. De dyk wie sneon wer iepen foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)