Omrop TIP: folgje de fytsalvestêdetocht de hiele dei live

25 maaie 2015 - 07:00

Op pinkstermoandei wurdt tradisjoneel wer de fytsalvestêdetocht hâlden. 235 kilometer traapje, tûzenen fytsers mei it swit op ‘e rêch. De tocht is wer live te folgjen by Omrop Fryslân. Mei de hiele dei ferslach op ‘e radio, televyzje en online. Jûns stjoert Omrop Fryslân in spesjaal programma oer de fytsdei út op televyzje.

Op radio wurdt de hiele dei live ferslach dien troch Wim Brons fanút Burdaard en Roelof de Vries fanút Sleat. Op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl binne oant 17.30 oere live bylden te sjen fan de fytsers yn Burdaard en by de stimpelpost yn Sleat.

By ien fan dielnimmers ha wy in kamera op de fyts setten sadat de hiele tocht thús wei live te folgjen is fia Omroplive.nl of hjirûnder. It kin wêze dat sa no en dan de ferbining even fuort falt.

Fan 18.20 oere ôf is der op Omrop Fryslân Televyzje in spesjale útstjoering fan de finish yn Boalsert. Yn it programma is te sjen dat de fytsers oankomme en yn petear geane mei presintator Roelof Lousma. Want hoe hawwe de fytsers de tocht belibbe? En kinne sy noch wol op harren fuotten stean? Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.

Minsken kinne op pinkstermoandei sms’e, whatsappe en twitterje nei de Omrop. De ynstjoerde berjochten komme middeis foarby op televyzje. Sms’e en whatsappe kin nei 06-20499199 en twitterje kin fia #fyts11.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)