Stichting tsjin lûdsoerlêst by Griene Stjergebiet

23 maaie 2015 - 12:43
  • Promised Land
  • Promised Land
  • Promised Land
  • Promised Land

Omwenners fan de Griene Stjer by Ljouwert ha de stichting Groene Ster Duurzaam oprjochte. Se fine dat de gemeente net nei de arguminten fan tsjinstanners fan it hâlden fan festivals yn it gebiet harket. It giet har benammen om lûdsoerlêst.

Ferline jier mochten in pear festivals de hiele nacht trochgean. Nei in soad klachten besleat de gemeente dat de muzyk dit jier nachts om 03.00 oere út moat. De stichting is nei de rjochter stapt. Festival Promised Land, dat dit wykein is, moat om 24.00 oere ophâlde.

De gemeente sil in boete fan 10.000 euro oplizze as it te lûd is. Neffens organisator fan Promised Land, Bobby Veenstra, is ferline jier septimber al besletten om om 24.00 op te hâlden mei de muzyk. Hy seit dat dit neat te krijen hat mei de stichting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)