Skouboarch De Lawei yn Drachten offisjeel iepen

23 maaie 2015 - 12:04
  • Drokte by de kassa fan De Lawei
  • De Lawei yn Drachten

Skouboarch De Lawei yn Drachten wurdt sneon offisjeel iepene. Nei in drege ferbouwing mei spul mei de bouwer, in arbitraazjesaak en wat ekstra miljoenen, is it no tiid foar feest. Dit wykein kinne besikers mei op ekspedysje troch De Lawei mei teatrale rûnliedingen. Se moasten har dêr earder al foar opjaan.

Ek de foarferkeap fan it nije seizoen is sneon om 12.00 oere begûn. Foar de kassa's stienen al in soad minsken. Sneontejûn is der in feest yn de skouboarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)