Wapens en drugs fûn yn auto yn Garyp

23 maaie 2015 - 11:24

De plysje hat yn in auto yn Garyp wapens en drugs fûn. De auto is fan in 40-jierrige man út de gemeente Hoogezand. Hy waard steande hâlden omdat er 200 kilometer yn de oere ried, op in plak dêr't 100 tastien is. Hy moast fuort syn rydbewiis ynleverje.

Omdat it om in bekende fan de plysje gie, is syn auto trochsocht. Dêr binne in grut fleismes, in honkbalkneppel en 25 gram hash yn fûn. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. In ynwenner fan Veendam dy't by him yn de auto siet, hat ek in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)