Ofskied fan Poppoadium Romein yn Ljouwert

23 maaie 2015 - 11:02
  • Lêste optredens yn Romein

Mei in festival fan twa dagen nimme muzikanten en besikers ôfskie fan Poppoadium Romein yn Ljouwert. Tal fan lokale en regionale bands spylje yn de eardere Westertsjerke. Njoggen jier lyn is dêr it poppoadium realisearre.

Troch de jierren hinne hawwe hiel wat begjinnende artysten en bands konserten fersoarge. It Ljouwerter poppoadium ferdwynt út it tsjerkegebou en giet fierder yn de nijbou oan it Harmoniekertier. Dat jout mear mooglikheden, se meie bygelyks langer iepen bliuwe.

Sneontejûn geane de doarren fan Romein foar de lêste kear iepen foar publyk. Op it ôfskiedsprogramma stiet ûnder oare de finale fan de Kleine Prijs van Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)