Mear plasdrasgebieten foar greidefûgels nedich

23 maaie 2015 - 10:46

Om de greidefûgelstân better yn stân te hâlden, moatte der mear saneamde plasdrasgebieten komme. Plasdrasgreiden wurde ûnder wetter set en binne sompiger. Dêr komme in soad greidefûgels op ôf. Yn de Noardlike Wâlden is hast 50 bunder lân ûnder wetter set en dêr dogge de fûgels it goed. It doel is dat der noch mear lân bykomt. De boeren krije 2.000 euro de bunder as fergoeding.

Troch de ôfskaf fan it melkkwotum binne boeren minder ree ta it ôfstean fan stikken lân foar de plasdras. Se wolle it lân brûke foar harren bedriuwsfiering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)