Earegroet Ljouwerter F-16's boppe begraafplak Margraten

23 maaie 2015 - 09:35

F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis bringe snein in earegroet boppe it Amerikaanske begraafplak yn Margraten. Dêr wurde dan de militêren betocht dy't yn de Twadde Wrâldoarloch om it libben kaam binne. It giet om fjouwer Fryske F16's, dy't boppe it begraafplak in saneamde fly by meitsje. Fanwege de ynset is de fleanbasis yn Ljouwert in tal oeren iepen. Gewoanwei is dat net it gefal op snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)