Sherida Spitse ferwachtet in soad fan it WK fuotbal

22 maaie 2015 - 19:51
  • Sherida Spitse (argyffoto)

Frysk fuotbalster Sherida Spitse wol har sjen litte op in grut poadium. De fuotbalster út Snits docht yn juny mei it Nederlânsk frouljusalvetal mei oan it WK yn Kanada. Se tinkt dat Nederlân, troch in geunstige lotting, in goeie kâns makket om in ronde fierder te kommen. Se treffe yn de earste ronde gastlân Kanada, Nij-Seelân en Sina.

Neffens Spitse hat it Nederlânsk frouljusalvetal in goeie mjuks fan jong en âld. Spitse tinkt ek dat der hieltyd mear animo is foar it frouljufuotbal yn Fryslân en fynt dat in moaie ûntwikkkeling.

It Nederlânsk frouljusfuotbal komt hjirmei hieltiid mear op de kaart. Spitse spilet yn klupferbân by de Noarske kampioen Lillestrom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)