Aris wol ynsette op jeugd en frijwilligers

22 maaie 2015 - 19:46

Basketbalklup Aris sil de kommende jierren mear frijwilligers ynskeakelje en him mear op de eigen jeugd rjochtsje. It budzjet sakket nei alle gedachten opnij. En dêr past gjin djoere profesjoniele organisaasje mear by. It jild moat op it fjild stean seit bestjoerslid kommersy en kommunikaasje Gert Schurer. Schurer wie oant no ta manager by de klup en hat sels ek in stap werom dien.

Aris presintearre freed de nije trainer foar takom seizoen, Michael Schuurs. Dy hopet nettsjinteande it lege budzjet op oansluting by de top fjouwer fan Nederlân.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)