Gerjochtshôf behannelet heger berop Enise B.

22 maaie 2015 - 17:19

It gerjochtshôf yn Ljouwert behannelet kommende wike freed it heger berop fan Enise B. Sy waard begjin april feroardield ta 12 jier sel. Enise en har freon Antonio van der P. fan De Harkema lutsen begjin foarich jier in spoar fan geweld troch it lân.

Se waarden nei in klopjacht yn Dútslân arresteard foar ûnder oaren poging ta deaslach, stellerij mei geweld, swiere mishanneling en ôfparsing. Antonio krige 16 sel, hy gie net yn berop. It gerjochtshôf behannelet de saak fan Enise freed noch net ynhâldlik, it giet om in rezjysitting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)