Eardere stedsboer Corrie de Groot krijt eigen singel

22 maaie 2015 - 15:27

Corrie de Groot, de lêste stedsboer fan Boalsert, wurdt eare mei in eigen leane: de Corrie de Grootsingel.

De Groot is bekend om't er fyftich kear de Alvestêdetocht fytst hat, de lêste twa kear mei kapotte knibbels. Miskien is de boer noch wol bekender om syn bysûndere karakter. Alle blommen dy't er krige neidat er foar de 50e kear oer de finish kaam, giene nei syn fans en nei it fersoargingstehûs.

Neffens dûmny Gerrit de Haan, earder buorjongen fan De Groot, binne de bern yn de buert fan de pleats ferneamd nei de kealtsjes dy't De Groot op stâl hie. "As der in man is dy't gjin grutte bobo is, mar it echte Boalserter mienskipsgefoel fertsjintwurdiget, dan is dat foar my Corrie De Groot", seit de dûmny. "Hy fertsjinnet it om net fergetten te wurden". Yn 2011 ferstoar De Groot yn 'e âldens fan 86 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)