PvdA wol strjitnammen neame nei âld-ynwenners It Hearrenfean

22 maaie 2015 - 14:52
  • De Abe Lenstrabûlevaar is in foarbyld fan in strjitte nei in pleatslike bekende

De PvdA op it Hearrenfean wol graach dat de strjitten nammen fan âld-ynwenners krije. Der soe in kommisje komme dêr't ynwenners foarstellen oan dwaan kinne. It is noch net rjocht dúdlik oft sa'n kommisje der al net is, neffens de partij.

De wurkgroep Oud-Heerenveen slút him by it plan fan de PvdA oan. Hearrenfeanske nammen op strjitnambuordsjes fine de leden in goed idee. Der binne rûnom genôch Willem-Alexanderleanen, fine de leden fan de wurkgroep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)