Stellen scooter weromfûn by wenhûs fan fertochte

22 maaie 2015 - 13:59

In 37-jierrige Ljouwerter hat tongersdei by syn wenning oan de Ruusbroecstrjitte in ynbrekker op 'e die trappearre. Doe't er thúskaam seach er noch krekt hoe't de ynbrekker fia in rút en oer in stek hinne, útnaaide. Yn in stege achter de wenning waard de man bedrige troch de ynbrekker. De fertochte naaide dêrnei út op in scooter. Yn de tún fûn de plysje in bankpas fan de ynbrekker.

By de wente fan de fertochte fûn de plysje de stellen scooter. Dy is yn beslach naam. Nei de fertochte wurdt noch socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)