Planetarium Frjentsjer net op Wrâlderfguodlist

22 maaie 2015 - 08:43
  • It plafond fan it planetarium yn Frjentsjer

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer wurdt net fóar it jier 2021 nominearre om opnommen te wurden op de Wrâlderfguodlist fan Unesco. Dat hat minister Jet Bussemaker freed witte litten oan de Twadde Keamer. It beslút is basearre op it advys fan in ekspertgroep fan binnen- en bûtenlânske saakkundigen.

De kandidaten hawwe harren rapport fan 't hjerst ynlevere by de Rykstsjinst foar Kultureel Erfguod. Foar it Eisinga Planetarium neamt de ekspertgroep gjin jier fan foardracht.

De saakkundigen fine wol dat der genôch arguminten binne om de 'útsûnderlike universele wearde' fan it Planetarium oan te toanen, mar der is mear tiid nedich om dy te ûnderbouwen.

Direkteur Adrie Warmenhoven fan it planetarium yn Frjentsjer is teloarsteld oer it beslút dat it Eise Eisingamuseum foarearst net op de wrâlderfguodlist komt. Yn 2017 wurdt de nominaasje wer tsjin it ljocht hâlden. As der dan in positive beoardieling komt, kin de nominaasje foar de Unescolist nei it jier 2020 plakfine. Dat komt te let foar de festiviteiten yn 2018 as Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is. It planetarium woe dêr ek oan meidwaan mei de wrâlderfguodstatus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)