Part ried Ljouwerteradiel stapt op om spul oer spoarfyts

21 maaie 2015 - 23:32

In part fan de gemeenteried fan Ljouwerteradiel is tongersdeitejûn opstapt. De riedsleden fan GemeenteBelangen en de FNP binne it ûniens mei it riedsfoarstel om in fyts- en kuierpaad oan te lizzen. GemeenteBelangen en FNP binne foarstanner fan de komst fan in spoarfytstrajekt. It foarige kolleezje hie dêr al tasizzings oer dien, mar it nije kolleezje hat eigen plannen mei it trajekt.

Neffens GemeenteBelangen en de FNP stiet it kolleezje net iepen foar oare ideeën. Mei it opstappen wolle de partijen in sinjaal ôfjaan.

Hoe't it no fierder moat, witte de partijen noch net. Dêroer sille se har de kommende dagen beriede.

Ljouwerteradiel en de Stichting Noord-Friese Lokaalspoorwegmaatschappij kinne it no net iens wurde oer de takomst fan it âlde trajekt fan it boemeltreintsje it Dokkumer Lokaaltsje. De stichting wol in pear kilometer rails tusken Jelsum en Stiens dellizze.

Chris Rijf, foarsitter fan de Stichting Noord-Friese Lokaalspoorwegmaatschappij hat earder oanjûn dat hy juridyske stappen tsjin de gemeente net útslút as dy it eigen plan trochset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)