Alden Boksum lizze har net del by sluting skoalle

21 maaie 2015 - 23:18
  • Alden oan it harsenskrabjen oer aksjes om de skoalle iepen te hâlden

De âlden fan de Otto Clantskoalle yn Boksum sille der alles oan dwaan om de trijtalige-plusskoalle yn it doarp iepen te hâlden. Se sille foar de skoalle lobbye by gemeente, provinsje en ryk, mar se sille ek kampanje fiere om mear bern nei de skoalle te krijen. Se mikke dêrby net allinnich op eigen doarp, mar wolle ek besykje om bern út Ljouwert nei Boksum te lûken.

Underwiisgroep Fier makke earder bekend dat de Otto Clantskoalle yn de simmer fan 2016 ticht giet, omdat der te min bern op de skoalle sitte.

De Otto Clantskoalle sit mei 25 bern boppe de lanlike ynstânhâldingsnoarm. De âlden binne hoopfol dat de skoalle de kommende tiid noch wat mear learlingen lûke kin. Underwiisgroep Fier fynt dat de skoalle op syn minst 34, 35 bern hawwe moatte soe. De âlden fan de Otto Clantskoalle ûndersykje de kommende wiken alle opsjes foar harren skoalle. Ek wurdt ûndersocht oft it mooglik is om de skoalle ûnder te bringen by in oare ûnderwiisorganisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)