Fries Museum wint heal miljoen foar Alma Tadema-eksposysje

21 maaie 2015 - 21:15

It Fries Museum hat tongersdeitejûn in heal miljoen euro krigen om de Alma Tadema-eksposysje mooglik te meitsjen. Dat bedrach is takend troch de Turing Foundation. Dy stichting wol musea helpe om harren ambysjenivo te ferheegjen. Oare musea dy't ek kâns makken op de priis, wiene it Ryksmuseum yn Amsterdam en it Van Abbe Museum yn Eindhoven. Mei-inoar 25 musea hiene in plan yntsjinne

De Alma Tadema-eksposysje past neffens it sjueryrapport prachtich by it belied, de missy en de kolleksje fan it Fries Museum.

Neffens de sjuery wurdt it in oansprekkende útstalling dy't foar in breed publyk nijsgjirrich wêze sil.

Lourens Alma Tadema waard yn 1836 berne yn Dronryp, gie yn Ljouwert nei skoalle en ferhuze letter nei Londen. Oan de ein fan de 19e ieu wie er ien fan de meast ferneamde skilders fan Grut-Brittannië. Nei syn dea waard Sir Lawrence Alma Tadema byset yn de krypte fan de St Paul's Cathedral yn Londen.

Tongersdei makke it Fries Museum bekend dat it skilderij 'Entrance to a Roman Theatre' fan Alma Tadema oankocht is. Dat wie mei 1,6 miljoen euro de djoerste oankeap dy't it museum ea dien hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)