"Deputearre moat opkomme foar behâld banen Belestingtsjinst"

21 maaie 2015 - 20:16
  • Belestingtsjinst

De steatefraksje fan de PvdA wol dat deputearre Sander de Rouwe mei de Belestingtsjinst yn petear giet om twongen ûntslaggen foar te kommen. Woansdei waard bekend dat Fryslân hurd troffen wurdt troch de 5000 ûntslaggen dy't yn hiel Nederlân by de Belestingtsjinst falle.

De PvdA is benaud dat de ûntslaggen liede ta strukturele wurkleazens. Se hoopje dat De Rouwe derfoar soargje kin dat minsken net dien krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)