Fryske sportbûnen wolle ynfolessen op skoallen jaan

21 maaie 2015 - 20:07

Alle Fryske skoalbern moatte yn de kunde komme mei de typyske Fryske sporten, lykas skûtsjesilen, fierljeppen of keatsen. Sportkennissintrum Sport Fryslân komt dêrom mei it nije sportprojekt 'Fryske Sport Yn Dyn Klasse'.

Yn gearwurking mei alle Fryske sportbûnen wurde fan 1 septimber ôf sportclinics op skoallen oanbean. De bedoeling is dat de learlingen entûsjast wurde en harren oanmelde by sportferienings. Skoallen kinne mear ynformaasje fine op www.fryskesportyndynklasse.frl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)