Alde stienbakkerij fûn by graafwurksumheden yn Dokkum

21 maaie 2015 - 15:35

By graafwurksumheden oan de nije farwei dy't de Dokkumer Ie mei de Wâldfeart ferbynt, binne resten fûn fan in pan- en stienbakkerij út de 15e ieu. De stienbakkerij tusken Sibrandahûs en Dokkum is mooglik it plak dêr't de stiennen fan kleaster Klaarkamp ek makke binne.

Op it plak binne in soad stiennen en parten fan dakpannen fûn. Nei alle gedachten wiene se te min fan kwaliteit om te ferkeapjen. De fynst wie in ferrassing, omdat út earder ûndersyk bliken dien hie dat op dat plak archeologysk neat te ferwachtsjen wie.

De gemeente Dongeradiel hat fuortendaliks opdracht jûn ta in archeologyske ynspeksje troch buro Raap út Drachten. Dy makket in rapport oer it tichelwurk. Dêrnei wurdt wer grûn oer it archeologysk fynplak lein. Neffens de saakkundigen is dat de bêste wize om in archeologyske lokaasje te bewarjen. Omdat it archeologysk ûndersyk fynplak oan de râne fan de nije feart, rint de oanlis fan de feart gjin fertraging op. De feart wurdt takom hjerst yn gebrûk nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)