Fries Museum keapet topstik Alma-Tadema foar $1,8 miljoen

21 maaie 2015 - 13:56
  • It skilderij The Entrance to a Roman Theatre (1866)
  • It skilderij The Entrance to a Roman Theatre (1866)

It Fries Museum hat in topstik oankocht fan de Fryske skilder Sir Lawrence Alma-Tadema. It is mei 1,8 miljoen dollar de grutste oankeap dy't it museum ea dien hat.

It giet om it skilderij 'Entrance to a Roman Theatre' út 1866 en it wurdt sjoen as ien fan de belangrykste wurken fan Alma-Tadema. Hy ferovere dêr doetiids de Amerikaanske merk mei, it wie syn ynternasjonale trochbraak.

It skilderij wurdt betelle mei partikuliere stipe en ferskate fûnsen. Ek de Vereniging Rembrandt hat in protte jild bydroegen, fierders binne der ûnder oaren bydragen kommen fan it Mondriaan Fonds en de BankGiro Loterij.

Sir Lawrence (earder Lourens) Alma-Tadema waard yn 1836 berne yn Dronryp en festige him letter as skilder yn Londen. Yn 2016 organisearret it Fries Museum in ynternasjonale tentoanstelling oer Alma-Tadema. It museum wie al yn it besit fan de grutste Alma-Tadema kolleksje fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)