Leden suvelbedriuw DOC stimme oer fúzje mei Dútsk bedriuw

21 maaie 2015 - 13:04

Leden fan suvelkoöperaasje DOC yn Hoogeveen stimme tongersdeitemiddei yn de Iselhallen yn Swolle oer in fúzje mei it Dútske suvelbedriuw DMK. Bij DOC binne ek in soad Fryske boeren oansletten. Tsiisbedriuw A-ware op It Hearrenfean is bot tsjin de fúzje fan DOC mei DMK. A-ware is benaud foar in grutte Dútske konkurrint sa tichtbij.

En dus besiket A-ware de DOC-boeren te ferlieden tsjin de oername te stimmen troch in hegere priis te bieden. Mar oant no ta wolle de bazen fan DOC dêr neat fan witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)