Gjin ekstra feiligensmaatregels by SC Hearrenfean-Feyenoord

21 maaie 2015 - 12:41
  • Sam Larsson fan SC Hearrenfean

Dêr komme gjin ekstra feiligensmaatregels foar de wedstryd Hearrenfean-Feyenoord dy't tongersdeitejûn plakfine sil. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean. De maatregels, lykas ekstra befeiliging yn it sintrum, binne neffens him net nedich om't der net safolle Feyenoord supporters komme as ferwachte.

Dit hat neffens Van der Zwan benammen te krijen mei it ûngelokkige tiidstip fan de wedstryd. Sa'n 550 Rotterdammers komme nei it Abe Lenstra Stadion. It útfak fan Hearrenfean hat plak foar 1200 supporters.

SC Hearrenfean striidt tsjin Feyenoord foar it lêste ticket foar de Europa League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)