Goed de helte minder oerfallen yn Fryslân yn 2014

21 maaie 2015 - 12:24

It tal oerfallen yn Fryslân is it ôfrûne jier mei mear as de helte weromrûn. Yn 2014 hawwe der 17 oerfallen plakfûn, tsjinoer 36 in jier earder. Ek it tal wenningynbraken en strjitrôven is minder wurden.

Sa sakke it tal ynbraken of it besykjen dêrta fan goed 2200 nei goed 1800. Fierder krige de plysje yn 2014 48 meldings fan strjitrôven binnen. Dat binne der 8 minder as in jier earder. De plysje set de ôfrûne jierren grut yn op de bestriding fan dizze misdieden om't dizze in grutte ympakt hawwe op minsken dy't hjir slachtoffer fan wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)