CU wol opheldering oer hegere soarchpreemje foar Friezen

21 maaie 2015 - 10:47

Twadde Keamerlid Carla Dik-Faber fan de ChristenUnie hat keamerfragen steld oer de hege soarchpreemje foar de waadhelikopter. Dit nei oanlieding fan de berjochtjouwing dat de soarchfersekerders de poalissen foar Friezen djoerder meitsje wolle as se folslein opdraaie moatte foar de kosten fan pasjinteferfier per helikopter fan de Waadeilannen.

Dik-Faber wol fan minister Schippers fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport witte yn hoefier de minister hjirfan op de hichte is.

De ChristenUnie fynt dat der gjin ûnderskied wêze moat yn de hichte fan poalissen yn Nederlân. Dik-Faber wol tiisdei graach antwurden fan de minister ha yn it oerlis oer de soarch yn krimpregio's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)