Utstalling oer beskerme planten yn De Krûdhôf yn Bûtenpost

21 maaie 2015 - 07:27

Yn de botanyske tún De Krûdhôf yn Bûtenpost wurdt freed in eksposysje iepene mei tsien beskerme plantesoarten. De planten stean op in ynternasjonale reade list om't se driigje te ferdwinen. It giet ûnder oare om de meekrap en de wolfskers.

Plantesoarten wurde ûnder oare seldsum troch it ferkeard brûken fan bestridingmiddels, droechte en it tichtgroeien fan boskrânen wêrtroch't se minder sinneljocht krije. Neist de tentoanstelling wurde der ek ferskate aktiviteiten organisearre.

Sa kinne besikers mei in boskwachter fan Steatboskbehear de natuer yn om nei seldsume planten te sykjen. Neist De Krûdhôf binne der ek plante-eksposysjes te sjen yn 22 oare botanyske tunen yn ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)