Ynwenners De Fryske Marren net dwaande mei nije boargemaster

20 maaie 2015 - 22:30

Ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren lykje net echt ferlet te hawwen om mei te praten oer de profylskets fan de nije boargemaster. De gemeenteried hie in profylskets op de webside setten en de ynwenners oproppen om hjir wat oan ta te heakjen of ôf te heljen. Fan de ried moat de nije boargemaster ûnder oare lef ha, nijsgjirrich wêze en de ambysje hawwe om de gemeente yn Fryslân en dêr bûten op de kaart te setten.

Ynwenners fan De Fryske Marren dy't reagearre hawwe, tinke hjir net oars oer. Der kamen 28 reaksjes binnen fan ynwenners op de profylskets en dy gienen foar in grut part oer de taal en grammatika fan de profylskets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)