Ynfallen plysje yn huzen en kantoaren Ljouwert en Wolvegea

20 maaie 2015 - 15:37

De plysje hat tiisdei mei in grutte plysjemacht ynfallen dien yn twa wenhuzen en trije bedriuwsgebouwen yn Ljouwert en Wolvegea. Dêrby binne in 36-jierrige man en syn freondinne fan 30 oanhâlden foar it hawwen fan yllegale himpplantaazjes en it wytwaskjen fan krimineel jild.

By de ynfal binne in grut jildbedrach, trije djoere auto's en in scooter yn beslach nommen. De administraasje is ek meinommen. Yn Wolvegea wie ek noch in himpplantaazje fan 200 planten.

De saak kaam oan it rôljen, doe't yn jannewaris in himpplantaazje fûn waard yn in âld bankgebou oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. De kwekerij waard ûntmantele en nei ûndersyk die bliken dat de 36-jierrige Ljouwerter dêr mei te krijen hie. It ûndersyk nei de administraasje fan de 36-jierrige Ljouwerter giet ek de kommende dagen noch troch. De plysje slút net út dat der noch mear fertochten oanhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)