SC Hearrenfean stipet Armeensk gesin mei spesjaal t-shirt

20 maaie 2015 - 15:27

De spilers fan SC Hearrenfean drage tongersdeitejûn yn de warming-up foar de wedstriid tsjin Feyenoord spesjale t-shirts om de famylje Sahakyan út Armenië te stypjen. Mem Nazan, dochter Mariana en soan Soeren driigje útsetten te wurden. Se wenje sûnt 2001 yn Nederlân, nei de moard op harren man en heit yn de jierren '90.

De famylje is bot belutsen by SC Hearrenfean: Soeren is yn 2003 scout troch de jeugdoplieding en Nazan is al jierren gastâlder foar jeugdige spilers út it bûtenlân.

It bestjoer fan SC Hearrenfean, boargemaster Tjeerd van der Zwan en Twadde Keamerlid Lutz Jacobi sette harren ek al in skoft yn om troch petearen mei Den Haach dochs in ferbliuwsfergunning foar it gesin te regeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)